It Drugslab

Yn it oars sa rêstige doarp Nijwâld wurde pillen fûn yn it húske fan kafee ‘De Halte’. Is de jonge gast Sven, dy’t se ferlern hat, in drugskoerier en binne de man en de frou dy’t op syk binne nei Sven, Brabânske kriminelen? Barrelt, in fêste stamgast, hat heard dat der in drugslab yn Nijwâld is. It wurdt ferfelend foar kroechbaas Bauke en syn frou Sibbeliene wannear’t de plysje it húske ôfslút foar technysk ûndersyk. Wêr moatte de minsken fan ’e fytsgroep, dy’t hast komme foar in flaubyt, no nei’t húske? Oan it ein fan ’e moarn blykt alles dochs oars te wêzen as eltsenien tocht hie.