As Hessel Jansma fan ’e plysjeskoalle komt, falt it al gau op dat er in grut ferstân hat en hiel betûft is yn it oplossen fan moardsaken. Al gau wurdt er, as jongste ea, befoardere ta ynspekteur. Der is gjin saak sa kompleks of hy lost him wol op. En sa wurdt Hessel de stjer fan it plysjekorps. Hy wurdt útnoege foar talkshows, eltsenien wol syn miening witte. Bern wurde nei him ferneamd en Hessel sliept, as er dat wol, gjin nacht allinnich. Tsien jier lang libbet Hessel Jansma op de top fan syn kinnen, dan ynienen, dêr is se, Brechje. Alle mannen falle foar Brechje, mar Brechje kiest foar Hessel. Twa jier lang libje se op in gouden wolk, mar dan ynienen is it oars. Brechje is oars, minder tagonklik, en Hessel tinkt dat se in oar hat. Op in jûn freget er har, mar se wol neat sizze; do moast my fertrouwe, seit se. Hessel wurdt lilk en jout har in huf, it bloed spat by de muorre op. Sy flechtet it hûs út. Hessel wol sa net, hy hat spyt, en fljocht har efternei, troch it bosk en dan lâns it kanaal. In eintsje foar him sjocht er har yn it donker draven; hy begjint har yn te heljen. Mar dan ynienen stroffelt se en ferdwynt yn it donkere wetter fan it kanaal. Hessel springt har efternei, mar hy kin har net fine. Oerenlang plasket er dêr om, mar se is der net mear. Hessel swalke dernei dagen by it kanaal lâns om har lichem te finen, mar neat. Hy hat har de dea yn jage. De jierren dernei rekket Hessel oan ’e drank. Hy dronk altyd gâns bier, mar no is de hikke fan ’e daam. Hy lost noch hieltyd syn saken op, mar de kollega’s begjinne te klaaien en úteinlik moat de lieding in foarbyld stelle, en dus skoppe se hem it korps út. Mar dan… wurdt syn broer Jasper dea fûn yn syn eigen bad, selsmoard seit de plysje… Mar is dat wol sa?